Jonge tsjin de grûn slein

27 jan 2008 - 15:30

In 17-jierrige ynwenner fan Stiens is sneintemoarn betiid om 3 oere oanhâlden troch de plysje yn Ljouwert. Hy soe yn in hoarekasaak oan it Ruterskertier in jonge fan 16 jier mishannele hawwe. De jonge Ljouwerter waard sûnder oanlieding tsjin de grûn slein. It slachtoffer moast mei ferwûnings oan 'e holle nei it sikehûs. De Stienzer is op it plysjeburo ferheard en mocht dêrnei wer nei hûs ta.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)