Jonge út fiver rêden

04 aug 2013 - 16:55
  • De jonge waard troch de traumahelikopter nei it sikehûs brocht

In 13-jierrige jonge is moandei út in swimfiver oan de Fabriciusleanen yn Drachten rêden. In oare swimmer hat seach dat de jonge ûnder wetter ferdwûn en helle him derút. De jonge is reanimearre en oanslutend troch in traumahelikopter oerbrocht nei it UMCG yn Grins.

Yn Jobbegea is snein in man ferwûne rekke by in fal fan in trekker. Buertbewenners seagen in trekker sûnder bestjoerder rûntsjes riden. Se fûnen de bestjoerder swier ferwûne yn it lân. De man is troch de traumahelikopter nei it sikehûs brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)