Jonge sûnder rydbewiis bedarret yn de sleat

17 jun 2015 - 10:46
  • Rydbewiis

In 17-jierrige jonge út Aldskoat is tiisdeitenacht ferwûne rekke, doe't hy by Aldeholtpea mei in auto fan de dyk rekke. De jonge ried oer de Stellingenwei doe't er ôflaat waard en op de ferkearde weihelte terjochte kaam. Doe't hy dat korrizjearre, ferlear hy de macht oer it stjoer en bedarre fia de sleat neist de dyk. In tsjûge alarmearre de helptsjinsten. It slachtoffer is mei ferwûnings oan de holle nei it sikehûs brocht. Der is ek proses-ferbaal tsjin him opmakke foar it riden sûnder rydbewiis.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)