Jonge stelt auto-emblemen

21 okt 2008 - 10:40

De plysje hat moandei in jonge (15) út Gytsjerk oanholden dy't der fan fertocht wurdt yn it wykein in grut tal auto-emblemen stellen te hawwen.

Freedtejûn seach in tsjûge dat de jonge in embleem fan in auto yn Oentsjerk helle en joech dat troch oan de eigner. Dy seach de jonge letter yn Gytsjerk, spruts him oan en joech him de gelegenheid it embleem by de snackbar yn te leverjen. Dat hat de jonge ek dien. Dêrby waard hy herkend en koe de plysje him moandei oanhâlde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)