Jonge slacht mei holle op auto

21 sep 2013 - 10:39

In 16-jierrige jonge út Ljouwert is freed oanhâlden nei't er mei syn holle in dûk slein hie yn de motorkap fan in auto. Dy stie parkeard oan it Noordvliet. De jonge hie spul krigen mei de eigener fan de auto en ramde mei de holle op de motorkap. Plysjes hawwe him oppakt en nei it buro brocht. De rúzje hat nei alle gedachten te krijen mei in relaasje dy't oer wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)