Jonge slacht man sikehûs yn

15 des 2007 - 15:39

In jonge fan 17 jier út Frjentsjer is sneontemoarn oanhâlden omdat er in stedsgenoat (38) mei in stik hout op 'e holle slein hawwe soe. De twa hiene inoar sprutsen op in feestje. Letter kamen se inoar op strjitte wer tsjin. De fertochte joech it slachtoffer doe klappen en skoppen. By it slaan brûkte er ek in stik hout.

It slachtoffer is foar kontrôle nei it sikehûs brocht. De oanlieding foar de mishanneling is ûnbekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)