Jonge skooterdieven oanhâlden yn Ljouwert

08 aug 2015 - 12:42
  • Scooter

De plysje hat freed op de Oldegalilleën twa Ljouwerters fan 15 jier oanhâlden foar it stellen fan in skooter. Dy waard yn de nacht fan 28 op 29 july al stellen. De eigener seach har skooter freed stean. Doe't de jonges mei de skooter fuortride woene, hâlde de frou it duo mei help fan omstanners oan. Der ûntstie in wrakseling en dêrnei naaiden de twa jonges út. De plysje koe it duo letter mei help fan tsjûgen oanhâlde. Se sitte noch fêst foar fierder ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)