Jonge sjit oare jonge yn each

20 jun 2010 - 16:38

Yn in wente oan de Houtdraaiersstrjitte yn Drachten is sneontemiddei in 12-jierrige jonge oanhâlden troch de plysje omdat er in 15-jierrige út itselde plak yn it each sketten hie. Dat barde mei in saneamd 'balletjes'-pistoal dat der krekt echt útseach.

De 15-jierrige moast nei de dokter ta en de 12-jierrige is oanhâlden foar swiere mishanneling en it hawwen fan in ferbean wapen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)