Jonge seehûnen oanspield op strân Flylân troch stoarm

11 des 2014 - 17:22

By de seehûnekresj yn Pieterburen binne tongersdei twa jonge seehûnen binnenbrocht. De bisten binne troch de stoarm harren mem kwytrekke. Se binne lykas oare pups oanspield op it strân fan Flylân. Gewoanwei moatte minsken jonge seehûnen mei rêst litte, mar frijwilligers seagen dat dizze twa jonge seehûnen harren mem kwyt wiene.

Pieterburen ropt minsken op om net yn de buert te kommen fan de oanspielde jonge seehûnen, mar om profesjonele helpferlieners te warskôgjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)