Jonge See-earn útflein

29 jul 2011 - 17:03

De jonge See-earn yn it Lauwersmargebiet is definityf útflein. Dat meldt Steatsboskbehear op de site fan it Nationaal Park. By in wyklikse kontrôle wie it nêst leech.

Dizze earste Fryske see-earn waard earder dizze moanne ringe. De fûgel leart no fan de âlders om oan iten te kommen, mar nei ferrin fan tiid wurdt der troch dyselde âlders ferjage en moat der sels in plakje fine. Dat kin yn Fryslân wêze, mar der is ek in soad útwikseling mei Dútslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)