Jonge rydt plysjeman oan

17 jul 2010 - 15:22

In jonge (19) út Koatstertille hat freedtenacht mei sin in plysjeman oanriden. De plysje woe him oanhâlde om't er sûnder helm op de brommer ried. Doe't de plysje him kontrolearje woe, naaide er út.

Letter yn de nacht seach de plysje him wer riden op de Skoalleleane. Doe't er in stopteken krige, joech er gas en ried tsjin de plysjeman op. Dy rekke ferwûne oan de skonk. De jonge sit fêst op it plysjeburo, syn brommer is yn beslach naam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)