Jonge rêders ûnderskieden

25 maaie 2005 - 15:55

Twa jonges krije kommende tiisdei in ûnderskieding foar in rêdingsaksje op de Burgumermar. Ferline jier july rêden se in frou mei twa bern en in hûn fan de ferdrinkingsdea. Eibert Zijlstra en Nick Ebbelink seagen dat de boat fan de frou drige te sinken en giene der hurd hinne. Se hawwe de slachtoffers út it wetter helle.

De beide rêders fan 17 en 16 jier krije de earepenning fan de gemeente Tytsjerksteradiel fan de boargemaster.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)