Jonge pakt foar stellerij

18 jan 2013 - 10:46
  • Plysje-embleem

Yn Harns is tongersdei in 15-jierrige jonge út Swol betrape op winkelstellerij. De jonge wie op paad mei in man en in frou. Yn in supermerk oan de Spoortstrjitte waarden se betrape.

De man en de frou koene útnaaie mei 45 stiks kosmetika-artikels. De jonge waard pakt troch winkelpersoniel. De plysje hat him meinaam en fêstset.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)