Jonge oppakt mei gaspistoal

31 jan 2013 - 15:35

De plysje hat tongersdeitemoarn op in skoalle yn Easterwâlde in 17-jierrige jonge út dat doarp oanhâlden fanwege ferbean wapenbesit. De jonge waard oppakt doe't er de skoalle yngean woe, dat wie neidat de plysje in tip krigen hie dat er in wapen hawwe soe. De jonge ûntkende dat, mar plysjes fûnen it wapen yn syn tas. It giet om in alarmpistoal, dat ferbean is. It wapen is yn beslach naam. De jonge is meinaam nei it buro en dêr is proses-ferbaal tsjin him opmakke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)