Jonge oppakt mei falsk jild

17 jan 2010 - 14:10

In 16-jierrige Ljouwerter is op It Hearrenfean oanhâlden mei falsk jild. Hy besocht dêrmei te beteljen by in snackbar. In personielslid seach lykwols dat it om falsk jild gie en warskôge de plysje. Dy koe de jonge letter oanhâlde.

Doe die bliken dat er noch in falsk briefke fan fyftich euro yn 'e bûse hie en der ien op de grûn lei. Boppedat wie er yn it besit fan in flintermes. Alles is yn beslach naam, de jonge is yn de sel set.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)