Jonge oppakt foar mishanneling

03 sep 2010 - 10:00

De plysje fertinkt in jonge (17) út Wolvegea fan belutsenheid by swiere mishanneling. Ein maaie waard in Wolvegeaster (37) sûnder reden yn syn wenplak oanfallen troch fjouwer jonges. It slachtoffer rûn dêrby in harsenskodding en in brutsen eachkas op. Ek waard syn mobile telefoan meinaam.

Nei oanlieding fan ferklearrings fan tsjûgen fûn de plysje dy mobile telefoan koartlyn by de 17-jierrige jonge. Dy sit no fêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)