Jonge oppakt foar gaslek

31 des 2007 - 16:30
  • mei wetter waard it gas fernevele
  • skea oan it rioel

Yn Wytmarsum is in jonge oanhâlden foar it feroarsaakjen fan it gaslek yn de Ulbe Hiemstrastrjitte. Hy hat bekend dat hy swier fjoerwurk yn in rioelput smiten hat. Troch de ynslach koe der gas fia it rioel yn de hûzen komme. Der wurdt no besocht om de kosten op de minderjierrige jongen te ferheljen.

Neffens gasbedriuw Essent hat de jonge hiel swier fjoerwurk brûkt, oars kin der net sa'n grutte skea ûntstean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)