Jonge oppakt foar fernielings

29 jun 2008 - 13:17

De plysje hat sneontemoarn betiid in jonge fan fyftjin jier út Bûtenpost oppakt. De jonge hie by in hûs yn Sweagerbosk saken yn de achtertún fernield. Hy smiet ûnder oare plantebakken om en fernielde in dakgoate.

De jonge waard dêrby trappearre troch de bewenners, dy't him oerdroegen oan de plysje. Dy hat de jonge, dy't tefolle dronken hie, meinaam nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)