Jonge oppakt foar fernielerij

16 maaie 2010 - 13:51

De plysje hat sneontejûn in 16-jierrige jonge út Marrum oppakt foar fernielerij. In tsjûge hie sjoen dat in ploechje jongeren op de Ringwei in stek en in brievebus fernielde. De tsjûge herkende twa fan 'e jongeren. De plysje koe ien fan har oanhâlde.

De 16-jierrige jonge is oerbrocht nei it plysjeburo. De plysje wit wa't de oare fertochte is. Hy krijt meikoarten de plysje oan 'e doar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)