Jonge op It Fean mishannele

21 feb 2010 - 12:36

Op it stasjon fan It Hearrenfean is sneontenacht in jonge (16) mishannele. Fiif jonges stutsen him yn it ear mei in stikken bierfleske. Ek ha se him slein. It slachtoffer moast nei it sikehûs.

De plysje hat de fertochten oanhâlden. It giet om jonges tusken de 16 en 20 fan It Hearrenfean en De Jouwer. Neffens de plysje hiene de fiif spul krigen mei it slachtoffer. Se koene pakt wurde op grûn fan de ferklearring fan it slachtoffer en tsjûgen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)