Jonge oertreder (15) oppakt

09 jan 2007 - 10:40

Yn Ljouwert is moandeitejûn in jonge fan 15 jier oanhâlden. Hy wurdt fertocht fan it riden op in ûnfersekere brommer. Boppedat hie de brommer gjin kenteken en gjin ljocht.

Op de Oldegalileën krige de jonge brommerrider in stopteken, mar hy naaide_út. Op in stuit gie de jonge rinnend fierder. Hy waard úteinliks oanhâlden op 'e Gerbrandywei. De jonge hie ek gjin identiteitsbewiis by him.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)