Jonge oerfallers oanpakt

08 des 2010 - 21:31

Alders fan jongeren dy't fertocht wurde fan oerfallen moatte fan 1 jannewaris ôf ferplicht by de rjochtsaak tsjin har bern wêze. Mei dy maatregel hopet justysje wat te dwaan tsjin it hieltyd jonger wurden fan oerfallers.

De ferplichting foar de âlders is ûnderdiel fan in yntegrale oanpak fan jonge oerfallers. Dy wurde net allinne straft, mar krije ek begelieding fan de reklassearring en wurde yn leartrajekten pleatst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)