Jonge oerfaller pomp oanhâlden

21 mrt 2012 - 15:32
  • pompstasjon

De plysje hat in Ljouwerter (16)oanhâlden foar in mislearre oerfal op in tankstasjon yn Ljouwert ein ferline jier. Bylden fan de bewakingskamera binne tiisdei fertoand yn it TV-programma Opsporing Verzocht. Op 12 desimber bedrige de jonge in meiwurkster fan de pomp oan de Harnzerstrjitwei mei in mes. De frou hat de jonge fuortstjoerd en de plysje belle. De plysje wie belle troch minsken dy't him herkenden op de bylden fan Opsporing Verzocht. De jonge hat him woansdei sels by de plysje melden op advys fan syn omjouwing.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)