Jonge oerfallen en berôve

30 mrt 2011 - 10:31

In jonge (19) út Dokkum is tiisdei oerfallen en berôve. De jonge fytste oer de Hogedijken doe't in man him it paad frege. Doe't er dat oan it útlizzen wie, pakte de oerfaller him de fyts en tas ôf. Yn de tas sieten in beurs en laptop. De oerfaller naaide út yn de rjochting fan de Bonifatiuspolder.

De plysje wol graach yn kontakt komme mei minsken dy't wat sjoen ha fan de oerfal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)