Jonge oanholden foar mislediging

23 des 2006 - 14:31

De plysje yn Wolvegea hat freedtemiddei in 15-jierrige ynwenner út dat plak oanholden foar it misledigjen fan de plysje.

Der wie in melding binnen kaam dat jongeren foar oerlêst soargen yn de Van Harenstrjitte. De groep fan sa'n 10 persoanen waard frege fuort te gean fanwege it 'samenscholingsferbod' dat dêr jildt. De 15-jierrige jonge fûn it nedich om de plysje te misledigjen. Hy is oanholden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)