Jonge oanhâlden foar heling

03 nov 2008 - 10:23

In jonge fan 16 is sneontemiddei op de Kelders yn Ljouwert oanhâlden foar heling. Hy parkearde mei twa maten de fytsen tsjin de brêgeleuning. Omdat de fytsen nét of mei in los slot fêst setten waarden, krigen plysjeminsken it idee dat se op stellen fytsen rieden.

De fyts fan de 16-jierrige fertochte stie as stellen registreard en dêrom waard er oanhâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)