Jonge mislediget plysje

26 apr 2013 - 10:10
  • Plysje-embleem

De plysje hat tongersdeitenacht in Ljouwerter (18) yn de stêd oanhâlden nei't er plysjes misledige hie. Earder hie de plysje him bekeurd om't er yn in de binnenstêd in tal fytsen omsmiten hie. In freon naam him doe mei om't er agressyf wie. Koart dêrnei hearde de plysje wer leven. Dat kaam fan deselde jonge. Doe't de plysje him op syn gedrach oanspruts, misledige er de plysje. Hy is foar ûndersyk meinaam nei it buro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)