Jonge mishannelet plysje

09 okt 2011 - 12:20
  • De Foarstrjitte yn Harns

In 17-jierrige jonge fan Winaam is sneontenacht yn Harns oanhâlden foar mishanneling en mislediging fan de plysje. Omdat der yn in hoarekasaak oan de Foarstrjitte in minne sfear wie, waard de plysje derby helle.

De jonge besocht noch wat gasten de kroech yn te krijen, wylst dat net mear mocht. De plysje sei dat er ophâlde moast. Hy gie troch en waard oppakt. De fertochte mishannele in plysje. Doe't er de hânboeien om krige, misledige er de plysje ek noch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)