Jonge mishannelet frou

28 maaie 2008 - 09:52

De plysje hat tiisdeitemiddei yn Ljouwert in jonge (13) oanhâlden foar mishanneling. De jonge soe earder op de middei in klap oan in 40-jierrige frou útdield hawwe neidat er rúzje mei har krigen hie.

De frou woe mei har auto by de jonge delride, mar hy wegere oan kant te gean. Nei de klap naaide jonge út, mar hy waard letter oanhâlden troch in tsjûge. Dy warskôge ek de plysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)