Jonge mishannele yn Grou

29 feb 2012 - 10:41

In jonge fan 15 út Grou is tiisdei op de Meersweg yn syn wenplak mishannele. In 14-jierrige plakgenoat hie him in pear kear tsjin de holle slein. Se hiene spul. It slachtoffer rekke ferwûne oan it each, de kaak en rûn in harsensskodding en mooglik nekletsel op. Hy is nei it sikehûs yn Ljouwert brocht. De fertochte is foar neier ûndersyk meinaam nei it buro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)