Jonge mishannele yn fytstunnel

21 feb 2007 - 10:35

In 19-jierrige jonge is fan it wykein fan syn fyts trape yn it tunneltsje ûnder it stasjon fan it Hearrenfean. De ynwenner fan Nijeskoat groette yn de nacht fan sneon op snein in groepke jonges dy't yn it tunneltsje stiene. Ien fan dy jonges draafde de man achternei en skopte him sûnder oanlieding fan syn fyts.

De Nijeskoater krige skoppen en klappen en waard mei in mes bedrige, mar de jonges lieten him doe rinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)