Jonge mishannele troch groep

10 jun 2008 - 09:43

In jonge (14) út Ousterhaule is moandeitemiddei mishannele troch in groep fan fjouwer jonges. De jonge fytste om likernôch 15.45 mei twa freondinnen op de Badwei yn Aldehaske.

Doe´t se de groep jonges ynhellen, ûntstie der in wurdewikseling. Ien fan de groep sloech dêrop de jonge út Ousterhaule. Doe´t er op ´e grûn foel, trape ien fan de jonges him tsjin ´e holle. De groep fytste dêrnei fierder. De plysje siket tsjûgen fan ´e mishanneling.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)