Jonge mishannele op It Amelân

21 jul 2010 - 10:42

In ynwenner (18) fan It Amelân is moandeitenacht mishannele op it eilân. De jonge waard tsjin de grûn slein troch in groep stappers. Hy wie syn fytskaike kwyt en rûn mei de fyts op 'e nekke. Der kaam in groep oanfytsen. Ien makke in opmerking en sloech de jonge tsjin de grûn. Doe't er op 'e grûn lei, krige er noch in skop.

De plysje siket minsken dy't mear fertelle kinne oer de mishanneling. Se kinne belje mei 0900 - 8844.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)