Jonge meisleept nei fal hynder

20 maaie 2009 - 09:55

In jonge fan 11 út Elslo is tiisdeitemiddei slim ferwûne rekke neidat er nei in fal fan syn hynder kilometerslang meisleept is. Nei de fal bleaun er heakjen achter in ein tou.

It hynder draafde fierder en sleepte de jonge oer de dyk, troch in bosk en troch it wetter oant in omstanner it hynder by it Kanadamar pakke koe. Dy hat de jonge losmakke. Hy hat slimme ferwûnings oan de skonke oprûn. Hy is nei it sikehûs yn Drachten brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)