Jonge mei mes bedrige

28 feb 2010 - 14:27

De plysje hat sneontejûn op de Oude Koemarkt op It Hearrenfean in 22-jierrige ynwenner fan Sint Jânsgea oanhâlden foar bedriging. De man hie earder dy jûn in jonge fan sechstjin jier mei in mes bedrige. Doe't de plysje de man oanhâlde, hie er yndie in mes by him.

De man waard oerbrocht nei it plysjeburo. Nei ferhear krige er proses-ferbaal en koe er wer nei hûs ta. Syn mes is yn beslach naam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)