Jonge mei finger yn stek nei sikehûs tabrocht

26 jun 2015 - 22:16

In jonkje fan fiif is freed oan de ein fan 'e middei yn Ljouwert mei syn finger yn in stek fêst komme te sitten. It gie om in stek fan in saneamde pannakoai oan de Rembrandtstrjitte.

De brânwacht hat besocht de jonge los te krijen, mar dat slagge net. Doe hat de brânwacht in stik fan it hekwurk losknipt. It jonkje is mei it stik stek oan de finger nei it sikehûs yn Ljouwert brocht. Hjir is syn finger los helle. De plysje kin net sizze oft hy ferwûnings hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)