Jonge mei drugs oppakt

08 jun 2010 - 10:34

De plysje hat moandei in jonge fan 17 jier út Drachten oppakt foar drugsbesit. By de plysje kaam in melding binnen dat in scooterrider gefaarlik oer de Hooizolder ried en hast ien omriden hie. De plysje seach de jonge riden op de Melkkelder en spruts him oan op syn gedrach.

Doe't de jonge syn helm pakke moast, seach de plysje in pûde mei weed yn de scooter lizzen. De Drachtster moast mei nei it buro. De drugs binne yn beslach nommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)