Jonge mei boksbeugel oppakt

20 sep 2008 - 15:32

De plysje hat freedtenacht in 17-jierrige Drachtster yn Roden oanhâlden mei in boksbeugel yn syn besit. De plysje trof de jonge nei in melding oan op de Brink en frege him mei te rinnen nei de plysje-auto. Dêr die bliken dat hy in boksbeugel en in pûdsje drugs by him hie.

De jonge besocht noch út te naaien, mar dat mislearre. Hy is oanhâlden en meinommen nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)