Jonge krijt samar klap foar de holle op Stasjonsplein

29 aug 2015 - 13:00
  • It busstasjon op it Stasjonsplein yn Ljouwert

De plysje siket tsjûgen fan in mishanneling oan it Stasjonsplein yn Ljouwert ôfrûne tongersdei. Krekt foar trije oere middeis waard dêr doe in 17-jierrige jonge út Dongeradiel mishannele. Hy stie by it busstasjon en krige samar in triuw en in klap foar de holle.

In bussjauffeur hat earste help ferliend. De jonge rûn in harsenskodding op troch de klap.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)