Jonge krijt frou ûnder scooter

05 des 2006 - 10:42

Yn Frjentsjer is moandeitemoarn op de Hertog van Saxenleane in 39-jierrige fytsster út dat plak ferwûne rekke. De frou kaam frontaal yn botsing mei in 16-jierrige scooterrider út Menaam.

Neffens twa tsjûgen fytste de frou op de ferkearde helte fan de dyk. Beide giene ûnderút. De fytsster is mei ferwûnings oan de holle nei it sikehûs brocht. De scooterrider koe behannele wurde troch in húsarts.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)