Jonge jout kopstjit oan famke

01 jul 2007 - 15:02

In 18-jierrige jonge út Ljouwert is sneontejûn op de Brandemeer oppakt foar mishanneling fan in like âld famke, ek út Ljouwert. Dat wie foar in snackbar. Oaren hiene it sjoen en de plysje belle.

Doe't de plysje deroan kaam, seagen se dat it famke in bloednoas hie. Sy fertelde dat de jonge har in kopstjit jûn hie, har dêrnei op 'e grûn smiten en mei wurden bedrige hie. De jonge is oppakt en nei it plysjeburo brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)