Jonge Jouster fytsedief

24 jul 2008 - 10:53

De plysje hat woansdei op de Hurddraversdyk op De Jouwer in 16-jierrige jonge oanhâlden fanwege stellerij of heling. De jonge hie him by de plysje melden mei it ferhaal dat syn fyts stellen wie. De fyts dêr't om gie wie earder op de Drafbaan sjoen troch de echte eigner, dy't de plysje ynskeakele hie. Dy hat de fyts meinaam nei it buro en de jonge dêrmei konfrontearre.

Dy koe net útlizze hoe't hy oan dy fyts kaam wie en waard doe oanhâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)