Jonge hurdfarders beboete

06 maaie 2011 - 10:22

De plysje hat tongersdei sechstjin boetes útskreaun foar hurdfarren en farren op te jonge leeftiid. Dat wie op en by De Lemmer. De measte bekeurings wiene foar jongeren tusken de 10 en 15 jier. Dy meie noch gjin rappe boat farre, want 18 is it minimum dêrfoar. In 13-jierrige jonge krige twa kear in boete. Hy waard middeis en jûns trapearre op farren yn in te flugge boat.

Alle jonge skippers binne warskôge en de plysje sil faker kontrolearje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)