Jonge gidsen yn musea

28 jan 2002 - 00:00

Meikoarten kinne besikers oan it Frysk Museum en it Fersetsmuseum hiel jonge gidsen tsjinkomme. De beide musea litte healwei febrewaris bern tusken 10 en 12 jier rûnliedings fersoargje.

De twa Ljouwerter musea ha it inisjatyf betocht om sa mear bern entûsjast te meitsjen foar in museumbesite. As de proef yn febrewaris slagget, dan krijt er in permanint ferfolch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)