Jonge fytser (10) ferwûne nei botsing mei auto

14 apr 2016 - 11:44

In jonkje fan tsien jier út Easterwâlde is woansdei ferwûne rekke by in oanriding op de Quadoelenweg yn syn wenplak. Hy fytste fan de Brink ôf oer it fuotpaad rjochting it Stellingwerf. Ynienen ried er tusken twa parkearre auto's troch de dyk op, wêrnei't er frontaal op in auto botste dy't fan de oare kant kaam. De jonge is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)