Jonge fytsedieven op It Fean trappearre

28 jun 2015 - 11:48
  • plysje

De plysje hat sneintemoarn betiid op It Hearrenfean in 15-jierrige jonge út Beetstersweach en in 18-jierrige ynwenner fan De Gordyk oanhâlden. De beide jonges hiene in fyts stellen. Foarbygongers hiene dat sjoen en warskôgen de plysje. De fertochten koene koart dêrop oppakt wurde. De fyts dy't se by har hiene, is yn beslach naam. Tsjin de beide jonges wurdt proses-ferbaal opmakke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)