Jonge frou mei mes bedrige

05 feb 2010 - 10:59

In frou (19) út Ljouwert is tongerdei ynhar wenplak ûnder bedriging fan in mes berôve. Om kertier foar sânen jûns hinne wie se op 'e hoeke Grutte-Lytse Tsjerkestrjitte. Dêr waard se ynhelle troch in man. Dy draaide him ynienen om, bedrige de frou mei in mes en easke har guod op.

Nei't er de bút hie, naaide er út. De frou gong mei in tsjûge achter de man oan, mar liet him úteinlik gean omdat er in mes hie. De plysje siket tsjûgen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)