Jonge ferwûne mei skelter

19 jul 2012 - 10:32

In 16-jierrige ynwenner fan Langsweagen is woansdei ferwûne rekke by in ûngelok mei in skelter. De jonge ried op in motorisearre skelter op de iepenbiere dyk en ferlear troch noch ûnbekende oarsaak de macht oer it stjoer. Hy kaam tsjin in beam ta stilstân.

De jonge hie gjin helm op en rekke by it ûngelok ferwûne oan de holle. Hy is per ambulânse oerbrocht nei it sikehûs.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)