Jonge fertochte ûntsnapt

14 jan 2004 - 00:00

In fertochte (17) is tiisdei ûntsnapt. It giet om ien fan de fertochten fan in tal gewelddiedige oerfallen yn Steggerda. Hy wie fan de Blokhúspoarte yn Ljouwert nei it plysjeburo yn Assen brocht om heard te wurden.

Doe't er nei ferhoar nei de arrestantebus brocht waard, skuorde er him los fan de bewaker. Hy klom oer in muorre en naaide doe út. De plysje siket noch om him. In syktocht mei speurhûnen hat neat opsmiten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)