Jonge fernielers oppakt

06 jan 2011 - 10:46

De plysje hat yn Wommels en Easterein seis fertochten oanhâlden yn ferbân mei iepenlike geweldpleging. De jongeren fan 16 en 17 jier hawwe har yn novimber skuldich makke oan ferskate fernielings. Se hawwe in stek, fytsen, in ferkearsboerd en in banier stikken makke yn Wommels. Yn Easterein rûnen se oer in auto hinne. Dêrtroch ûntstienen ferskate dûken. Der waard ek noch in stek stellen.

De skea rint yn de tûzenen euro's en sil op de fertochten ferhelle wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)